TAALBELIED.

 

Dappertjedoe: in twatalich bernedeiferbliuw.

 

Op it bernedeiferbliuw Dappertjedoe wurdt in protte oandacht jûn oan de taalûntwikkeling fan de bern.

 

Dit dogge wy troch taal ryk, soarchfâldich, fariearre, en mei respekt oan te bieden.

 

De perioade fan 0-4 jier is de meast taalgefoelige leeftyd fan in minske.

 

Dêrom is it fan belang dat op it bernedeiferbliuw omtinken jûn wurdt oan de ûntwikkeling fan taal en spraak.

 

De omjouwing fan it bern hat in grutte ynfloed op dy ûntwikkeling.

 

Bern begjinne te praten om''t se yn in omjouwing binne dêr''t mei en tsjin har praat wurdt.

 

Folwoeksenen spylje dêrby in wichtige rol.

 

Sa beneame de liedsters fan Dappertjedoe wat se sjogge, fiele of dogge, likegoed fan harsels as fan de bern. Se dogge dat net allinne as se mei in bern allinne prate, mar ek yn groepsferbân.

 

De liedsters hawwe each foar de ûntwikkelingsmominten fan de bern en spylje dêrop yn mei in praatsje, ferhaaltsje, ferske en sa mear.

 

Op dy wize slút it taaloanbod oan by de aktiviteiten en de ûnderfiningen fan de bern.

 

Ek troch tematysk te wurkjen kriget it taaloanbod in kontekst. Sa kin mei ferskillende aktiviteiten (prate, fertelle, nifelje, ûntdekke, sjonge) omtinken jûn wurde oan in bepaald ûnderwerp, seizoen, feest ensfh.

 

 

 

Twataligens by jonge bern

 

Foar bern is it aardich en learsum om op jonge leeftyd boartsjendewei mei twataligens yn kontakt te kommen. Ut ynternasjonaal ûndersyk docht bliken dat in twatalige opfieding de taalgefoeligens en de kognitive ûntwikkeling fan bern stimulearret.

 

Twatalige bern hawwe mear as ien finster op ‘e wrâld en kinne har makliker ynlibje yn oare kultueren. Boppedat kin it foar letter hiel handich wêze as jo bern Nederlânsk én Frysk ferstiet en praat.

 

 

 

Taalbelied by Dappertjedoe
By Dappertjedoe eksperimintearje wy mei twataligens.

 

At it Frysk en it Nederlâns

 

in lykweardich plak hawwe, en apart fan inoar oanbean wurde, kinne de bern der harren foardiel mei dwaan.

 

De iene liedster praat konsekwint Frysk, de oare Nederlâns, dat is taalskieding yn de praktyk. Liedsters witte: troch konsekwint ien taal te praten, help ik de bern by harren taalûntwikkeling. 

 

Wy binne al in skoftsje oan ''e gong, it nimt tiid om te wennen oan dizze nije en bewuste manier fan taalopfieding.

 

In wichtich part fan it taalbelied is de foarljochting oan âlden.

 

Dat dogge wy yn it earste kontakt mei nije âlden,wy fertelle hoe’t ús taalbelied yn inoar sit. 

 

 

 

Powered by: WebBuro